Losse hannen

Prijs € 16,50

Uitverkocht

Ook beschikbaar als:

Saakje Huisman

Paperback | September 2014 |

Beoordeel dit boek als eerste!

Beschrijving

Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dy't troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn 'e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda.Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút.It ferhaal hat my fan it begjin oan 'e ein yn 'e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil. Henk van der Veer yn it Sneeker NieuwsbladHuisman toant har op har bêst yn 'e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich.Sjoerd Bottema yn Trotwaer Saakje Huisman (1951-2001) waard grut op in pleats yn Goutum. Se begûn al ier mei skriuwen mar kaam dêr pas let mei nei bûten ta. Meastal binne de haadpersoanen yn har wurk froulju yn útsûnderlike omstannichheden, dy't de skriuwster mei in lichte toets raak del wit te setten.

Volledige beschrijving

Specificaties

Auteur
Saakje Huisman
Uitgever
TDE
ISBN
9789089546708
Bindwijze
Paperback
Publicatiedatum
September 2014
Categorie
Overig
Taal
Friestalig
Aantal Pagina's
240

Beschrijving

Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dy't troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn 'e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda.
Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút.


It ferhaal hat my fan it begjin oan 'e ein yn 'e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil.
Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad

Huisman toant har op har bêst yn 'e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich.
Sjoerd Bottema yn Trotwaer



Saakje Huisman (1951-2001) waard grut op in pleats yn Goutum. Se begûn al ier mei skriuwen mar kaam dêr pas let mei nei bûten ta. Meastal binne de haadpersoanen yn har wurk froulju yn útsûnderlike omstannichheden, dy't de skriuwster mei in lichte toets raak del wit te setten.

Schrijf een recensie

Velden met een * zijn verplicht

Specificaties

Auteur
Saakje Huisman
Uitgever
TDE
ISBN
9789089546708
Bindwijze
Paperback
Publicatiedatum
September 2014
Categorie
Overig
Taal
Friestalig
Aantal Pagina's
240

Winnaars kinderjury

Voordelige kinderboeken